Pelote froulju meitsje foarspellingen tsjin Wiuwert-Britswert wier
Om 19.00 moasten der twa partijen keatst wurde op it fjild yn Mantgum: Winsum 1 tsjin Easterlittens en Mantgum tsjin Wiuwert Britswert. Mantgum hie noch mar in pear earsten nedich om seker te wezen fan de finale, Wiuwert wie al seker fan keastsen om degradaasje, Winsum hie noch fjouwer earsten nedich om seker te wezen fan de finale en Easterlittens moast dik winne at se net om degradaasje woenen keatse. Mar toen elts om 19.00 op it fjild stie foel de rein mei bakken ut de loft en unwaarde it stevich en koenen we earst net los. Dus mei Construction 7 en alle peloters yn de Wjukken efkes in bakje thee en wachtsje tot it droech waard, want ús waarman Johannes Kastelijn hie al efkes besjoen dat it om in oere as 20.00 wer droech weze soe. En sa wie it.. Dus beide partijen los under it strakke regime fan Theo Kuipers en Oebele Anema. Mantgum pakte flot de earste twa earsten, mar liet Wiuwert-Britswert ek wer werom komme. It waar wie net Mantgum harren beste waar, want der waard bepaald net foutleas keatst. Foaral oan de opslach waarden aardich fouten makke en hjir makke Wiuwert-Britswert dankbar gebruk fan. Mar goed, Mantgum hie genoch kwaliteit oer om sich wat fouten permittere te kinnen en ek op 6 gelyk luts Mantgum eins steeds oan it langste ein. Mei 10 – 4 waard de party besletten en dat wie precies sa at we it yn it foarjiersboekje foarspelt hienen. Al hie der dit kear wol mear yn sitten at we sels wat minder fouten makken. De einstan yn de kompetysje is no as folget: Mantgum 30 Winsum 28 Easterlittens 19 Wiuwert-Britswert 10 Mei disse stan gean dus Mantgum en Winsum om it earste plak peloten en Wiuwert-Britswert en Easterlittens moatte keaste om degradaasje. Tongersdei fyne disse evenementen plak en se beginne om 18.30 op’e Terp yn Wiuwert. Foar Mantgum jild dat se better keatse moatte as tiisdei, want oars wurdt it earste plak hiel lestich. Derom kinne se alle support bruke en ferwachtsje we jimme mei man en macht op it fjildsje yn it pittoreske Wiuwert! Oant dan!
Geplaatst op 09 June 2010